Lachman: Myn missy is om Cambuur yn de earedifyzje te hâlden

08 jan 2016 - 22:13
  • Darryl Lachman

De nije oanwinst fan SC Cambuur, Darryl Lachman, sprekt de ambysje út om mei syn nije ploech yn de earedifyzje te bliuwen. "Ik doe geen belofte, maar vind dat het mijn missie is om Cambuur in de eredivisie te houden", sa seit de ferdigener yn in ynterview mei Omrop Fryslân.

Lachman makke freedtemiddei syn debút by de Ljouwerters yn in oefenwedstriid tsjin Sparta Rotterdam. Dy waard mei 4-2 ferlern. De kopsterke ferdigener is op hierbasis oerkaam fan it Ingelske Sheffield Wednesday, dat útkomt yn de Championship, it twadde Ingelske profnivo.

De berne Amsterdammer spile benammen yn it twadde team fan Sheffield Wednesday.

"Ik voelde me mentaal zwak doordat ik niet op het hoogste nivo kon acteren. Ik ben dan ook heel blij dat ik bij Cambuur weer kan gaan voetballen", sa fertelt Lachman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)