Kramer hat net in soad oan tsjinstanners op iepeningsdei EK

Sven Kramer © AWfoto.nl
Reedrider Sven Kramer hat net in soad oan syn tsjinstanners op de earste dei fan it EK allround, sneon yn Minsk. Op de 500 meter nimt de regearjend Europeesk kampioen it op tsjin debutant Inigo Vidondo út Spanje. Op de 5 kilometer rydt Kramer tsjin de Rus Vitali Michailov. Dy wie ferline jier op it EK 28 sekonden stadiger as Kramer op dizze ôfstân.
Douwe de Vries rydt tsjin Nicola Tumolero (500 meter) en Jan Blokhuijsen (5000 meter).
By de froulju ride titelfavorieten Ireen Wüst en Martina Sábliková op de 500 meter yn de lêste rit tsjin mekoar. Antoinette de Jong start op dy ôfstân tsjin Sofie-Karoline Haugen út Noarwegen. Op de 3000 meter ride Wüst en De Jong tsjin respektyflik Elizaveta Kazelina (Ruslân) en Olga Graf (Ruslân).