Minister Bussemaker iepenet poppoadium Neushoorn

It poadium fan Neushoorn © Omrop Fryslân
Minister Bussemaker fan Kultuer iepenet begjin febrewaris offisjeel de 'kreative hotspot' Neushoorn yn Ljouwert. It is al in skoftsje iepen, mar sûnt begjin dizze wike is it echt hielendal klear.
In tal MBO-opliedingen fan it Friesland College sit nammentlik no ek yn it gebou. It giet ûnder oaren om de oplieding ta artyst, poadium- en evenemintetechnyk en film & media.
Yn de earste moannen fan syn bestean hat Neushoorn al tsientûzen besikers lutsen.