Earste ljipaai wurdt lottere yn it lân by aaisykferbod

08 jan 2016 - 16:56

As der wer gjin tastimming komt foar it meinimmen fan ljipaaien, moat der in oanpaste regeling foar it earste aai komme. Dat fynt kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Hy wol dat it earste ljipaai yn it gefal fan in nij ferbod offisjeel melden wurdt, mar dat it yn it nêst lizzen bliuwt. Syn doel is om dan sels del te kommen op it plak dêr't it aai fûn is, om it aai te lotterjen en de finer neffens de Fryske tradysje te beleanjen.

Jorritsma: "Op die manier houden we de aandacht voor het 'fjildgefoel' en de zorg voor deze bijzondere vogel in stand. De nazorg kan daarna gewoon doorgaan in het belang van onze weidevogels!"

Deputearre Steaten sil him meikoarten noch bûge oer de fraach hoe't it, neffens har, fieder moat mei de Fryske aaisikerstradysje. Jorritsma die syn útspraken freed op de nijjiersresepsje fan de provinsje yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)