Siikmeitsjende elzen wurde kapt, gemeente betellet mei

De Grutte Kamp yn Aldeholtpea dêr't de elzen stean © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
36 elzen oan de Grote Kamp yn Aldeholtpea meie kapt wurde. De gemeente hat dêr in fergunning foar jûn. De beammen binne der troch de gemeente delset, mar minsken yn de buert krije der slim allergyske reaksjes fan. Dêrom wolle se de elzen fuort ha.
De gemeente Weststellingwerf fynt dat goed, mar de buert draait sels mei op foar de kosten. Boppedat moatte de buertbewenners de beammen der sels weihelje en der oare soarten foar yn it plak sette.
De gemeente hat tasein in bedrach fan 6750 euro by te dragen.