Waanders: "Meitsje mear reklame foar Sintrale As"

08 jan 2016 - 12:01

Undernimmers yn Dokkum en omkriten moatte mear reklame meitsje foar de sintrale as. Boargemaster Marga Waanders komt dêrom mei in opmerklike oprop yn har nijjierstaspraak. Op ynternet, want fanwege de izel is de taspraak net foarlêzen, ropt Waanders ûndernimmers op op de nije ferkearsferbining aktyf te promoatsjen by klanten, leveransiers, meiwurkers en besikers.

It stiet foar Waanders sels wol fêst dat de Sintrale As in wichtige bydrage leveret oan de berikberheid en ferkearsfeiligens. Mar de dyk kin noch wol mear brûkt wurde as no.

Waanders yn har nijjierstaspraak: "De Centrale As was en is geen luxe. Het is een verbinding die onze regio eindelijk op een fatsoenlijke en veiliger manier aantakt op het provinciale en nationale wegennet. Bovendien wordt er zwaar ingezet op een goede landschappelijke inpassing en ook voor die ruimtelijke kwaliteit is terecht veel geld beschikbaar. De nieuwe route ontlast de vele dorpen aan de oude route waar oude verbindingen hersteld kunnen worden."

"Het belang van de Centrale As voor de bereikbaarheid van Dokkum staat buiten kijf. Ondernemend Dongeradeel is een groot pleitbezorger van de As. En terecht. Maar dan is ook de oproep aan ondernemend Dongeradeel om optimaal gebruik te maken van deze nieuwe verbinding voor inkomende klanten, leveranciers, werkers en bezoekers."

Homme Biemold fan de gebietskommisje fan de Sintrale As fynt dat der no al goed gebrûk makke wurdt fan de dyk. Dochs begrypt hy de oprop fan boargemaster Waanders fan Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)