CDA-Dongeradiel stelt fragen oer partisipaasjewet

08 jan 2016 - 10:24
  • Esther Hanemaaijer fan it CDA Dongeradiel

It CDA yn Dongeradiel stelt fragen oer it stribjen fan steatssiktaris Klijnsma om de útfiering fan de partisipaasjewet te ferbetterjen. De wet is bedoeld om 125.000 arbeidshendikepten oan it wurk te helpen. Soks smyt burokratyske problemen op en dêrtroch wurde net alle doelen helle. It CDA wol witte wat de bydrage fan de gemeente Dongeradiel is om te foldwaan oan de easken en oft de gemeente dy doelen berikke kin foar de ein fan dit jier.

Bedriuwen mei mear as 25 wurknimmers dy't de doelen net helje kinne fan 2017 ôf in boete krije.

It CDA wol ek witte oft der ekstra maatregels nedich binne om foar te kommen dat dy bedriuwen yn de problemen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)