Wopke Haantjes is Balkster fan it jier

Wopke Haantjes © Balk Vooruit
Wopke Haantjes is útroppen ta Balkster fan it jier. Dat barde tongersde op de nijjiersresepsje fan pleatslik belang Balk Vooruit yn kultureel sintrum 't Haske. Haantjes krige fan de foarsitter fan Balk Vooruit de Splinter útrikt. Dizze bokaal stiet symboal foar in lyts, mar wichtich ûnderdiel fan de maatskippij.
Haantjes is wakker aktyf foar Balk. Hy sit yn it bestjoer fan de túnbouferiening en hat tolve jier yn it bestjoer sitten fan streekharmony Concordia. Ek helpt er by tafeltje-dek-je en set er him yn foar de PKN-tsjerke.