Socht: Arabyske boeken foar flechtlingen

Flechtlingewurk is op syk nei Arabyske boeken. Flechtlingen dy't yn de opfang sitte of krekt in wenning krigen hawwe, ha grut ferlet fan lektuer en literatuer in harren memmetaal.
Wies de Jong fan Flechtlingewurk hat besocht fia biblioteek en winkels oan Arabyske boeken te kommen, mar dat is net slagge. Yntusken is de ynwenster fan Ljouwert mei in sykaksje op Facebook begûn. Op dy wize hopet se safolle mooglik boeken te sammeljen. Se hat al reakjes krigen út it hiele lân, mar der is folle mear nedich, seit Wies de Jong.