Darryl Lachman op hierbasis nei SC Cambuur

07 jan 2016 - 20:09
  • Darryl Lachman

Sportklup Cambuur hat Darryl Lachman op hierbasis binnen helle. De ferdigener komt fuortendaliks oer fan it Ingelske Sheffield Wednesday, dat útkomt yn de Championship, it twadde Ingelske profnivo. Lachman is nei Portugal reizge dêr't hy him oanslút by it trainingskamp fan Cambuur.

Lachman is berne yn Amsterdam en hat earder spile by FC Groningen, PEC Zwolle en FC Twente.

Direkteur Henry van der Vegt is wiis mei de komst fan Lachman, sa seit er op de offisjele klupwebside. "Het is geen geheim dat wij op zoek waren naar een rechtsbenige verdediger. En dan het liefst een verdediger die ook het voetballende gedeelte beheerst en de nodige ervaring heeft. Darryl voldoet perfect aan dit profiel en wij zijn als club dan ook heel blij dat het gelukt is om hem naar Leeuwarden te halen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)