Opsterlân wol meiwurkje oan plannen foar 'drive-in-Sinees'

07 jan 2016 - 19:57
  • In Sineesk restaurant

Der binne plannen foar in Sineesk restaurant op it bedriuwepark Azeven by Drachten. It giet om in inisjatyf fan de famylje Ye. Sy ha ferskate restaurants yn Fryslân, lykas Kota Radja yn Beetstersweach.

It restaurant dat op it Azeven-terrein komme moat, sil him rjochtsje op minsken dy't ûnderweis binne en fluch in hapke ite wolle. In soarte fan drive-in-Sinees. e gemeente Opsterlân hat al oanjûn yn prinsipe mei te wurkjen oan de plannen foar it nije Sineeske restaurant en in fergunning te jaan.

Fergunning

De fergunning is nedich, omdat der yn it bestimmingsplan gjin plak is foar hoareka op it bedriuweterrein. 11 jannewaris sil it ûnderwerp behannele wurde by de riedsgearkomste fan de gemeente Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)