"Minder meldings binnenkaam by fersekeringsmaatskippijen"

It is opfallend rêstich by fersekeringsmaatskippijen, lykas Univé. Der binne de ôfrûne dagen net mear, mar minder meldings binnenkaam fan skea. Dat seit Etienne de Cooker fan Univé.
De oantallen binne neffens de maatskippij te fergelykjen mei in rêstich wykein. In soad Friezen hawwe lústere nei de warskôging om binnen te bliuwen en dêrtroch wie it net sa drok op 'e dyk. De meldings dy't wol binnen komme, gean benammen oer blikskea oan de auto.
Minsken hoege neffens de fersekeringsmaatskippij net benaud te wêzen oft der wol fergoede wurdt as der in koade read fan krêft is, want hjir hat Univé gjin spesjale regels foar.