20-jierrige Snitser bedriget minsken op strjitte mei mes

© ANP XTRA
In 20-jierrige frou út Snits hat tongersdeitemiddei foar kommoasje soarge yn Ljouwert. De frou bedrige in man op de Frans van Mierisstrjitte mei in mes.
De man wie syn auto iisfrij oan it meitsjen doe't de frou ynienen op him ôf kaam. De Snitser soe it slachtoffer bedrige hawwe mei de wurden "zal ik je keel eens doorsnijden." Se liet hjirby in lyts mes sjen. De fertochte naaide hjirnei út.
Polzen trochsnije
Letter krige de plysje noch in melding fan in bedriging. De Snitser frou soe tsjinoer in foarbygongster krekt dien hawwe as oft se har polzen trochsnije woe. De foarbygongster sei dat de fertochte dit net dwaan moast. Hjirnei sei de Snitser opnij dat it se oars de kiel fan it slachtoffer trochsnije soe.
De fertochte frou is oanhâlden. It mes is letter weromfûn yn in put.