"Learlingen hoege miste oeren net yn te heljen"

© ANP
Skoallen dy't dizze dagen ticht binne fanwege de izel en de glêdens, hoege de learlingen de miste oeren net ynhelje te litten. De skoallen meie sels bepale oft se dat nedich fine. As se beslute dat de lessen net ynhelle hoege te wurden, dan wurde se dêr ek net ta ferplichte. Dat hat de ûnderwiisynspeksje witte litten.
Neffens de ynspeksje is der sprake fan oermacht troch ekstreem waar. Ynspekteurs sille dêrom net kontrolearje oft de miste oeren ynhelle wurde. Dat jildt foar basisskoallen én foar middelbere skoallen.
Hegeskoallen
Hegeskoallen hawwe gjin wetlike regelingen foar ûnderwiistiid. In grut part fan de skoallen yn Fryslân is tongersdei foar de tredde dei op rige sletten.