KNVB-bal moat sneon werom wêze yn Zeist

07 jan 2016 - 15:33
  • Manlju fan de âldjierploech fan Aldeberkeap foar de grutte KNVB-bal

De KNVB hopet de wite stiennen fuotbal, dy't krekt foar de krystdagen meinaam wie by it haadkantoar yn Zeist, no sneon werom te krijen. De âldjiersploech de Geitefok fan Aldeberkeap hie de bal meinaam, mei it each op de minne resultaten fan Oranje dit jier. De KNVB hat in telefoantsje krigen fan de manlju fan de Geitefok, wêryn't se tasein hawwe de bal sneon werom te bringen.

As de bal kreas en sûnder skansearringen besoarge wurdt yn Zeist, dan docht de KNVB gjin oanjefte en beskôget it fuotbalbûn it as in âldjiersstunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)