Fries yn Parys: "It binne idioaten en dy hâldst net tsjin"

Presys in jier nei de oanslaggen yn Parys op it satyrysk tiidskrift Charlie Hebdo is der opnij opskuor yn de Frânske haadstêd. Tongersdei skeat de plysje dêr in man del. De man rûn mei in mes te swaaien foar it plysjeburo. Doe't de plysje him delskeat, seagen se dat der triedden út syn klean kamen. De plysje wie benaud foar in bomgurdle, mar nei ûndersyk die bliken dat it om in nep-gurdle gie.
"It binne idioaten en dy hâldst net tsjin." Dat seit Fries om utens Rolf Bonnema, dy't yn Parys wennet. "Yn elke grutte stêd hast gekken."
Bonnema makket him der sels net sa drok mear op. "Mar ik tink wol: yn wat foar wrâld moat ik myn soan grutbringe?"