Gjin jild foar warskôgingsbuorden tsjin ynbraken Sint-Nyk

07 jan 2016 - 13:47

De gemeenteriedsfraksje fan it CDA yn de gemeente De Fryske Marren wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wêrom't it gjin jild jout oan de stichting Een veiliger Sint Nyk. Dy is oprjochte om wenningynbraken yn it doarp foar te kommen. Der is jild frege foar buorden by de tagongsdiken fan it doarp. Dêr stiet op dat der ekstra let wurdt op fertochte situaasjes.

Boargemaster en wethâlders hawwe it fersyk ôfwiisd. It CDA freget him ôf wat dêrfoar de arguminten binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)