Heliconstate klear foar opfang flechtlingen

07 jan 2016 - 13:07

Heliconstate yn Ljouwert is klear foar de opfang fan flechtlingen. Tongersdei om twa oere komt de earste groep asylsikers oan yn de nije needopfang. It giet om de groep fan 350 minsken dy't no noch yn it WTC Expo sit. De minsken wurde mei de bus oerbrocht nei de nije opfanglokaasje.

Goed 130 minsken hawwe de nije opfang klearmakke. De kosten falle dêrtroch in stik heger út as ferwachte. De opfang yn Heliconstate bliuwt iepen oant en mei oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)