Opnij knipperjende lampen troch stroomdips
Der binne op 'e nij spanningsdipkes yn de stroomfoarsjenning yn Fryslân. Dêrtroch kinne lampen begjinne te knipperjen. Dat meldt netbehearder Liander op twitter. De spanningsdips wurde feroarsake troch swypkjende heechspanningskabels. Der wurdt wurke oan in oplossing.