Benzinedief oppakt nei ferskate fergeze tankbeurten
Op de Lavendelheide yn Drachten is tongersdeitemoarn in 23-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden. Hy hie tankt sûnder te beteljen.
De man waard al socht troch de plysje fan It Hearrenfean. Dêr hie deselde fertochte al meardere kearen tankt sûnder te beteljen. De man sit fêst.