Koade read fanwege glêdens ferlinge oant 15.00 oere

07 jan 2016 - 10:43

It KNMI hat de koade read dy't earst ôfrinne soe om 11.00 oere, ferlinge nei 15.00 oere. De waartsjinst warskôget foar glêdens troch snie en iis op de wei. It KNMI riedt minsken oan om thús te bliuwen en it waarberjocht en de warskôgings yn 'e gaten te hâlden. 

Foar it Waadgebiet jildt koade oranje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)