Kollum: ''Misbrûk fan de WEP’er, de moderne slaaf fan 2016''

07 jan 2016 - 09:43
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''De krisis is foarby, de ekonomy lûkt oan en alles sil better wurde. Dat binne sa om de feestdagen hinne noflike berjochten om te hearren. De rollade smakket krekt wat better en it is fansels in goed ekskús om der noch mar ien op te nimmen, want de foargeande jierren namen je dy iene ekstra omdat it sa min gie en je der wat treast by fûnen. No net, dizze ekstra fersnapering wie der ien om feest te fieren. It giet geweldich.

Tusken al dat goede nijs binne der ek noch sjoernalisten dy’t efkes fierder sjogge as harren noas lang is. Lokkich mar. Ik sjoch net sa faak TV, de safolste realitysoap earne op in tropysk eilân dêr’t saneamde bekende Nederlanners oan meidogge wêrfan’t ik der dan fansels net ien ken, mar dat leit him oan my, seit my net safolle, mar de nijsprogramma’s besykje ik wol te folgjen.

Twa wiken lyn hie ik it oer de kwetsbere posysje fan in grutte groep minsken, de ZZP’ers. De iene ôfkoarting is noch moaier as de oare, want der binne yn dit lân ek in hiele soad WEP’ers. De kâns is frij grut dat in soad fan jim dêr noch nea fan heard ha. En der binne bedriuwen dy’t dat graach sa hâlde wolle, mar dêroer daliks mear.

Wat betsjut de ôfkoarting WEP’ers? Dat binne de minsken dy’t gebrûk meitsje fan de saneamde Werk Ervarings Plekken. Dat is hast itselde as staazjerinne, mar dan foar ôfstudearre studinten dy’t klear binne om yn it arbeidsproses te stappen, om harren stúdzjeskuld ôf te lossen en miskien foarsichtich oan takomstplannen tinke. Yn geef Frysk soe dat dus Wurk Underfinings Plak wurde, dan soenen we it oer WUP’ers ha. Hoe dan ek, WEP’ers of WUP’ers, de problematyk is der net minder om.

Want wat is it gefal? De krisis is foarby, der komme mear banen. Yn in normale wrâld soe it dan sa wêze moatte dat de baas minsken oannimt dy’t, as se goed foldogge, nei in healjier in fêst kontrakt krije. Dit tinken blykt wol tige út de tiid. Want ja, it ferskil tusken earm en ryk moat dochs op ien as oare wize ûntstien wêze en bestean bliuwe. Daar hebben wij het volgende op gevonden. In foarbyld út de praktyk:

Stel jo ha in bedriuw yn geastike sûnenssoarch. In saneamde GGZ-ynstelling. Dêr wurde minsken mei problemen behannele troch psychologen. Mar dy bazen binne net gek, dy wolle de bonus wol barre, fansels. Dus dy sjogge om harren hinne en konstatearje dat der elts jier in rits bern ôfstudearret oan de universiteit mei as stúdzjerjochting psychology. Dus nimme se in stik as wat fan dy jongelju oan en neame harren baan net in baan, mar in Werk Ervarings Plek. In WEP. Mei as arbeidsfoarwearden dat se earst mar ris in moanne as wat sjen litte moatte wat se kinne. Gewoan meidraaie en dêrnei lonkjede fleispotten fan Egypte. Mar dy earste tiid krije se gjin salaris, heechút ûnkostefergoeding.

Jim snappe de flikkerij wol. As it tydlike tsjinstferbân der hast op sit, binne de baaskes noch net hielendal oertsjûge en stelle se út om it kontrakt mei gjin salaris noch in kear foar in healjier te ferlingen. En sa kostet it personeel gjin drol, wylst dy harren úterste bêst dogge om sadanich hurd te wurkjen dat de baas der net omhinne kin. Miene se. Want dy baas laket him dea. Goedkeaper kin syn toko nea draaie. De minsken dy’t it echte wurk op de wurkflier dogge en de sinten binnenhelje krije dêr neat foar. Earlik sizze, wisten jimme dit? Ha jimme ronkjende koppen yn de kranten sjoen dêr’t de fakbûnen FNV en CNV de oarloch ferklearje oan dizze praktiken?

De bern dy’t it oerkomt, kinne net in kant út. Want foar elts dy’t de bek iependocht, binne der tsien oaren. Sa ûntstiet de nijerwetske slavernij dy’t yn Nederlân gewoan plakfynt en we dogge der neat oan. ZZP’ers dy’t fier ûnder de priis wurkje moatte om wurk binnen te heljen en dus noch slimmer, WEP’er dy’t hielendal neat krije, mar wurkje foar de bonus fan de baas en dyselden dy’t syn belied útfiere.

Ik neam de minsken dy’t dizze konstruksjes betinke gewetensleaze kriminelen.'' 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)