Grutte diken struid, mar it bliuwt oppassen

07 jan 2016 - 07:35

It bliuwt oppassen op de Fryske diken. De sneldiken en de provinsjale diken binne struid en berydber. Mar it ferkear moat der wol om tinke. Op guon plakken kin it ferrifeljend glêd wêze. Automobilisten moatte net te hurd ride en goed ôfstân hâlde. De situaasje is ûnwis omdat tongersdei delslach oer de provinsje lûkt. Dat kin befrieze ta izel en dat kin gefaarlik wêze.

Lytsere diken binne faak net struid en sadwaande sjippeglêd.

Trefwurden: 
dyk glêdens struie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)