Begjin fan de middei glêd troch opfriezende delslach

07 jan 2016 - 07:01

In gebiet mei winterske delslach en hegere temperatueren berikt tusken tolve en twa oere it súdwesten fan Fryslân en lûkt dan oer de provinsje. Mar it kin ek wol wat fertraging hawwe. Dat sei waarman Piet Paulusma tongersdei tsjin Omrop Fryslân radio. Omdat de ûndergrûn noch beferzen is, kin de rein befrieze en izel wurde. De loft is ynstabyl en dêrom kin der ek snie falle. It ferkear moat sadwaande noch wol goed rekken hâlde mei glêdens.

Tongersdeitejûn krije wy hurde wyn. Yn it kustgebiet kin in súdwesterstoarm opstekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)