Skoudokter fan GGD útfanhûs by brânwacht yn Ljouwert
In bysûndere nacht foar skoudokter Richard Noordbruis fan de GGD Fryslân. Om oeral yn de provinsje op tiid te kommen, krige hy help en in sliepplak fan de brânwacht yn Ljouwert. Troch it minne waar fynt de GGD it net ferantwurde de dokter allinnich de dyk út te stjoeren nachts.
De brânwacht stie fuort klear om Noordbruis te helpen en him oeral nei ta te bringen.