De izel makket kreatyf: wa docht mei oan it 'straatsen'?

06 jan 2016 - 22:10

De ôfrûne dagen hawwe in soad minsken de redens ûnderbûn om in stikje te reedriden op de dyk. Skeelerferiening Ids fan De Westereen seach yn al dy foto's en fideos in folslein nije sport ûntstean: it 'straatsen' of oars sein it 'straatschaatsen'. In moaie gelegenheid foar in iepen FK, sa tocht de skeelerklup.

Tongersdeitemoarn is it dan safier. Basisskoallebern út hiel Fryslân binne wolkom om mei te dwaan oan dit iepen FK dat plakfine sil op de skeelerbaan. De baan is spesjaal noch in kear mei wetter bespuite.

Trefwurden: 
straatsen De Westereen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)