Van der Wiel Drachten drok mei struien fan Fryske diken

Transportbedriuw Van der Wiel yn Drachten hat it op it stuit smoardrok. It bedriuw is ien fan de trije transporteurs yn Fryslân dy't de ryksdiken iisfrij hâlde moat. It Drachtster bedriuw is ferantwurdlik foar it struien fan de A7 fan It Hearrenfean nei Fryske Peallen en de Wâldwei. Op it stuit ride der sa'n 70 auto's rûn.
In grut part wurdt ek ynset foar de oanfier fan sâlt nei de ferskate depots. Dat slagget oant no ta goed. Al ha de sjauffeurs somtiden muoite om mei de swiere auto's oer de glêde diken te riden.