Frisia hat al 6000 ton struisâlt levere oan Fryske depots

06 jan 2016 - 20:04

Frisia Zout yn Harns hat de ôfrûne twa dagen goed 6000 ton sâlt levere oan de depots yn de provinsje. Dêrmei kinne struiweinen goed 600 kear op 'en paad. De foarried is dêrmei noch lang net op, Frisia hat noch goed 25.000 ton sâlt yn de loads lizze. 

Omrin besiket yntusken de diken yn de ferskate gemeenten sa goed as mooglik begeanber te hâlden. Tiisdei hawwe alle depots ekstra sâlt krigen en ek woansdei is der ekstra sâlt brocht. Omrin brûkt sawol struiweinen as weinen dy't in miks fan sâlt en waarm wetter ferspriede.

Trefwurden: 
Frisia Zout struisâlt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)