Gjin IFK-sealfuotbal yn Frjentsjer op woansdeitejûn

06 jan 2016 - 19:42

It programma fan it Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal yn Frjentsjer giet woansdeitejûn net troch. Yn ferbân mei de waarsferwachting hat de organisaasje besletten om alle wedstriden te skrassen. Se komme jûn byelkoar om te bepraten hoe't it mei de wedstriden fan woansdei moat en hokker gefolgen ien en oar hat foar de finaledei fan kommende sneon.

In opsje is om de wedstriden te fersetten nei tongersdei en freed of de finaleplakken te bepalen troch lotsjen.

It Iepen Frysk kampioenskip is it grutste sealfuotbaltoernoai fan it noarden en wurdt spile yn sporthal De Trije yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)