Bûnscoach Kuiper makket seleksje massastart WK bekend

06 jan 2016 - 19:38
  • Reedriden

Bûnscoach Geert Kuiper hat woansdei de definitive seleksje foar de massastart by it WK ôfstannen bekend makke. By de froulju starte Irene Schouten en Janneke Ensing. Carien Kleibeuker en Annouk van der Weijden binne reserve. By de manlju starte Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma. Dêr binne Willem Hoolwerf en Thom van Beek reserve. 

De riders dy't de ploege-achterfolging ride meie, wurde nei it NK allround en sprint bekend makke. It WK ôfstannen is fan 11 oant en mei 14 febrewaris yn it Russyske Kolomna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)