Fryslân hat lêst fan smog út East Europa

Fryslân hat lêst fan smog út East Europs © ANP
Fryslân hat op it stuit njonken izel ek te krijen mei smog. De smog waait hjirhinne út East Europa. Smog wurdt feroarsake troch in hege konsintraasje fynstof yn de loft. Op dit stuit leit de konsintraasje fynstof per kúb yn Fryslân boppe de 70 mikrogram. De luchtkwaliteit krijt hjirtroch it offisjele predikaat 'min'. De konsintraasjes bliuwe mooglik oant tongersdeitemoarn ferhege.
Benammen COPD-pasjinten en minsken mei in mindere longkapasiteit kinne de loftfersmoarging fernimme. Sy kinne har better net tefolle ynspanne.