Brânwacht begeliedt meiwurkers GGD op húsbesites hakkeprik

Guon meiwurkers fan GGD Fryslân krije woansdei op harren húsbesites begelieding fan de brânwacht. Dit yn ferbân mei de glêdens. It giet om fjouwer adressen, dêr't krekt berne poppen in hakkeprik krije. De meiwurkers gean nei twa adressen yn Ljouwert, ien op It Hearrenfean en ien yn Wolvegea.
De brânwacht rydt de GGD-meiwurkers nei de gesinnen ta. It is foar it earst dat se it sa dogge.