FIDEO: Protte ûngelokken op Fryske diken

06 jan 2016 - 11:32

Troch rein yn it suden fan de provinsje binne ûnder oaren de A7 en de A32 woansdeitemoarn wer sjippeglêd. Neffens de plysje binne der yn in kertier tiid al minimaal njoggen auto's fan de dyk rekke. De meldkeamer Noard-Nederlân meldt sels dat de autoruten ûnder it riden tichtizelje.

Neffens in tsjûge steane op de diken rûnom It Hearrenfean meardere auto's stil lâns de sneldyk. Ek de plysje en Rykswettersteat warskôgje foar gefaarlike omstannichheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)