Piet Paulusma: "Wy binne noch net fan de izel ôf"

It winterwaar mei snie en izel set woansdei troch. Neffens waarman Piet Paulusma, wurdt it izelgebiet boppe Fryslân sels grutter. Paulusma: "Wy binne noch net fan de izel ôf. It gebiet wurdt wat grutter, aktiver en skoot stadichoan op nei it noarden en noardwesten."
Dat betsjut dat it grutste diel fan de provinsje ûnder it izelgebiet komt te lizzen. "Ast der ien kear ûnder komst te lizzen, dan leist der ek lang ûnder. It is oeral sjippeglêd." Ek woansdeitejûn en tongersdei bliuwt der kâns op izel en dus op glêdens.
It is woansdei om de -2 of -3 graden hinne, mar de gefoelstemperatuer leit troch de frij krêftige east- oant noardeastewyn om de -5 of -6 graden hinne.