Glêdens troch izel: twa frachtweinen reitsje fan de A7

06 jan 2016 - 05:58
  • By Haskerdiken glied in frachtauto fan de dyk

Op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean binne woansdeitemoarn op 'e nij twa frachtweinen fan de dyk rekke troch izel. Yn de rjochting fan Drachten slipte in frachtwein ter hichte fan Tsjalbert. Dêrtroch hat ien rydstrook in skoft ticht west. De oare kant op by De Tynje stie ek in frachtwein yn de berm.

Beide weinen binne yntusken fuortsleept. De plysje fan Drachten warskôget automobilisten dan ek dat it op plakken op de A7 noch sjippeglêd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)