Skoallen spesjaal ûnderwiis woansdei ticht

De Rank yn Drachten bliuwt woansdei ticht
Alle skoallen foar spesjaal ûnderwiis dy't oansletten binne by SO Fryslân binne woansdei ticht. De learlingen dy't wat fierder fan skoalle wenje, wurde mei taksybuskes nei skoalle brocht. Dy taksybuskes ride woansdeitemoarn net, omdat ek dan izel ferwachte wurdt. De direksje hat dêrom besletten om alle skoallen foar spesjaal basisûnderwiis woansdei de hiele dei ticht te hâlden.
It giet om skoallen yn Snits, Ljouwert, Frjentsjer, Beetstersweach, It Hearrenfean en Damwâld.
It is goed mooglik dat der mear skoallen binne dy't woansdei of hielendal ticht bliuwe of pas letter begjinne. Proloog, de organisaasje fan iepenbiere basisskoallen yn Ljouwert en omkriten, nimt dêr tiisdeitejûn in beslút oer.