Parken yn Snits en Boalwert ticht fanwege izel

05 jan 2016 - 14:34

De gemeente Súdwest-Fryslân slút fiif parken, omdat der gefaar bestiet dat der tûken fan de beammen falle. Dy tûken sitte yn in dikke laach izel en wurde dêrtroch hiel swier. It gefaar bestiet dat se ôfbrekke en dat minsken dêrtroch ferwûne reitsje.

It giet om fjouwer parken yn Snits, it De Hooppark, it Wilhelminapark, it Rasterhoffpark en it Zwettebosk. It fyfde park is it Julianapark yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)