Izelslachtoffers binne meast fytsers en fuotgongers

05 jan 2016 - 14:06

De measte meldings dy't de meldkeamer tiisdei binnenkrijt binne fan fytsers en fuotgongers dy't fallen binne en dêrby ferwûne rekke binne. It is opfallend rêstich yn de meldkeamer, plysje en brânwacht hoege amper yn aksje te kommen, ek al is it sjippeglêd. It liket derop dat minsken har goed hâlde oan de oprop om safolle mooglik yn 'e hûs te bliuwen.

By de sikehuzen komme aardich wat minsken mei breuken binnen, it MCL telde om 14.30 oere 40 slachtoffers fan de glêdens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)