Soad izelslachtoffers foar Fryske sikehuzen

Brutsen bonken © Omrop Fryslân
Sikehûs MCL yn Ljouwert krige tiisdei in soad slachtoffers fan de izel binnen. Healwei de moarn wienen al trettjin persoanen mei breuken binnenbrocht op de earste help. It MCL set ekstra personiel yn om de slachtoffers te behanneljen.
Yn it Antoniussikehûs yn Snits kamen noch gjin slachtoffers binnen. Neffens in wurdfierder is it der rêstich sûnt koade read ôfkundige is. De ôfspraken binne ek net ôfsein. It wurdt oan de pasjint oerlitten oft se al dan net nei it sikehûs ta komme.
Op It Hearrenfean kamen foar 10 oere seis slachtoffers binnen yn sikehûs de Tjongerskâns. It gie dan benammen ek om breuken. Ek hjir gean de ôfspraken wól troch, allinnich de polyklinyske ôfspraken foar de fysioterapie binne ôfsein.
It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten krige moarns trettjin slachtoffers fan de izel binnen, yn alle gefallen giet it om breuken of minsken dy't op de holle fallen binne.
Yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is it rêstich. Oant no ta noch gjin slachtoffers. Personiel en pasjinten bliuwe thús.