Steatsboskbehear: "Kom net yn de bosken, tûken kinne falle!"

05 jan 2016 - 10:48

Steatsboskbehear warskôget minsken om tiisdei it bosk net yn te gean. De izel makket de tûken fan de beammen hiel swier en de kâns dat dy ôfbrekke is grut. It moat earst wer teiwaar wurde, foardat de bosken wer feilich binne.

Trefwurden: 
izel bosk Steatsboskbehear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)