Supermerken krije wol foarried
De oanfier fan produkten foar de Poiesz-supermerken yn ús provinsje rint in bytsje fertraging op mar wurdt wol gewoan levere. Dat seit direkteur Piet Smit fan Poiesz. De oanfier fan bôle en oar bakkersguod rint de measte fertraging op.
De ferwachting is dat Poiesz alle frachtauto's de hiele dei wol op paad stjoert om de foarried te leverjen oan alle filialen yn Fryslân.