Gemeente Ljouwert struit de kuierpaden mei de hân

Alvestêdetocht tenei ek oer de wei? © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Meiwurkers fan de bûtentsjinst fan de gemeente Ljouwert struie hânmjittich de kuierpaden tusken it stasjon en it sintrum fan Ljouwert. Fierder hat de gemeente de linkerrydbaan fan de Drachtsterwei ôfsletten. Dizze is te glêd troch izel.
De gemeente Ljouwert wurket gear mei Omrin om de diken safolle mooglik te struien en begeanber te meitsjen.