Omrin leget tiisdei gjin konteners

Omrin © Omrop Fryslân, Janjelle Ringnalda
Offalferwûrker Omrin hellet tiisdeitemoarn it ôffal yn de provinsje net op. Troch de glêdens is it ûnferantwurde om de frachtauto's de dyk op te stjoeren, meldt Omrin.
Benammen de binnendiken binne noch net struid en dus sjippeglêd. Oan de ein fan tiisdeitemoarn besjocht Omrin oft se middeis noch wol de dyk opgeane. Omrin leget de konteners dy't tiisdei stean bliuwe no kommende sneon.