Fryslân is ûntregele troch ekstreme waar

05 jan 2016 - 09:25

It deistich libben yn it noarden is tiisdei slim ûntregele troch de izel. Automobilisten hawwe fanwege it ekstreme waar it advys krigen de dyk net op te gean. De measte basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis binne ticht. Der ride gjin bussen. De Q-liners ride yntusken wol wer. De treinen ride ek, mar mei fertraging en folle minder. De provinsjale diken binne ridlik begeanber, al is de situaasje yn it súdeasten fan de provinsje noch wat minder.

Op de sneldiken yn de provinsje is it ek ridlik te dwaan.

Yn alle gefallen jildt dat minsken har snelheid oanpasse moatte en genôch ôfstân hâlde moatte. Alle rydeksamens yn Fryslân binne foarearst ôfsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)