KNMI jout koade read: gean de dyk net op

It KNMI hat tiisdeitemoarn koade read ôfjûn foar it noarden yn ferbân mei izel. Dit is de heechste warskôging dy't jildt. It KNMI en rykswettersteat advisearje minsken mei klam om net de dyk op te gean.
Arriva hâldt tiisdeitemoarn ek alle bussen binnen. Foar it treinferkear advisearret Arriva om de buorden op stasjons goed yn de gaten te hâlden.