Boargemaster Crone: "Toan respekt yn it flechtlingedebat"

Boargemaster Crone fan Ljouwert hopet dat mei de ein fan 2015 ek in ein komt oan it skellen en bekfjochtsjen oer it flechtlingefraachstik. Flechtlingen komme, oft we dat no wolle of net. Dat sei Crone by de nijjierstaspraak fan de gemeente Ljouwert.
De bêste wize om dêr mei om te gean is midden yn dy realiteit te stean en eltsenien derby te belûken mei respekt foar elkoars stânpunten. Crone tinkt dat Fryslân it kommende jier noch wol sa'n 2000 oant 4000 nije flechtlingen opfange moatte sil.
Sjoen de ûnderfinings oant no ta yn Ljouwert en Fryslân hat hy der alle fertrouwen yn dat dat slagje sil.