Nije regiopoly yn Drachten besparret in besite oan sikehûs

Medysk spesjalisten fan sikehûs Nij Smellinge hâlde fan dizze wike ôf sprekoeren yn sintrum Sûnenz yn Drachten. Dat besparret in grut oantal pasjinten in besite oan it sikehûs. Boppedat giet it net ten koste fan it eigen risiko fan de soarchfersekering, want sy bliuwe yn behanneling by de húsdokter.
De soarch sels moat sa goedkeaper wurde. It giet op dit stuit allinnich om pasjinten dy't oars trochferwiisd wurde soenen nei in kardiolooch, ortopeed of dermatolooch.
It is de bedoeling dat der letter folle mear spesjalisten by komme. De regiopoly is nij foar Fryslân, mar bestiet al wol yn oare parten fan Nederlân.