Feanster yngenieursburo CLAFIS wreidet út nei oername

04 jan 2016 - 19:51
  • Kantoarkompleks fan CLAFIS

Yngenieursburo CLAFIS fan It Hearrenfean nimt it ynternasjonale bedriuw JVR oer. By dat bedriuw wurkje 70 minsken. JVR is spesjalisearre yn de oalje-, gas en petrogemyske yndustry, mar is ek aktyf yn bygelyks de farmasy en yndustriële konstruksje.

It bedriuw sit yn Dútslân en Marokko en hat ek in fêstiging yn Dordrecht. CLAFIS sels set advys en yngenieurstsjinsten yn yn sektoaren as gemy, enerzjy en transport en oalje en gas. It hat de lêste jierren al fiif oare bedriuwen oernaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)