Ald-deputearre Konst sil tafersjoch hâlde by Maeykehiem

04 jan 2016 - 16:28

Ald-deputearre Hans Konst is de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan soarchynstelling Maeykehiem yn Sint Nyk. Konst naam koartlyn ôfskied fan de provinsjale polityk. Hy groeide op yn Sint Nyk en kent Maeykehiem sadwaande goed.

Konst hat in eftergrûn yn de soarch. Hy wie jierren spesjalist yn de âldereinsoarch en wurket no ek wer as ferpleechhûsarts. Maeykehiem is in ynstelling foar minsken mei in ferstanlike beheining. Der binne fjouwer lokaasjes dêr't 140 minsken opfongen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)