Nachtopfang Zienn set ekstra bêden del om winterwaar

04 jan 2016 - 16:14

De winterneedregeling fan nachtopfang Zienn is de kommende trije nachten fan krêft op de lokaasjes Snits en Ljouwert. Yn Snits binne fjouwer bêden beskikber. Yn Ljouwert binne gewoanwei sa'n 40 minsken dy't gebrûk meitsje fan in sliepplak. No't de temperatuer om it friespunt hinne leit wurde der 52 bêden klearset.

Mochten mear minsken in sliepplak sykje, dan foarsjocht Zienn gjin problemen. "Wy ferwachtsje dat we foldwaande op it winterwaar ynspile binne, al wurdt it altyd in bytsje spannend", sa seit Alfie Faber fan Zienn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)